Rinze de Kikkert - ynteraktive ferhalen foar op dyn tablet thús en it digiboerd op skoalle.

4 Friese kinderboekjes voor op je tablet thuis en het digi-bord op school. Download nu de 4 Friestalige e-boeken over Rinze de Kikkert. Download ze gratis via de App Store of Google Play

De boekjes over Rinze de Kikker zijn leuk, leerzaam en speels en zitten vol met interactieve elementen. Je kunt de verhaaltjes zelf voorlezen of ze laten afspelen. Beleef grappige avonturen met Rinze de Kikkert en leer Friese woordjes met Rinze's AaBee! De boekjes zijn geschikt voor zowel de iPad als Androidtablets.

De fjouwer Fryske e-boekjes fan Rinze binne ek beskikber as digiboerd-ferzje en kinne dus ek yn de klasse brûkt wurde! Download se fergees fia de App Store of Google Play.

De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Kinst de ferhaalstjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze's AaBee! De e-boekjes binne geskikt foar sawol de iPad as Androidtablets.

Rinze op reis

Rinze sil op reis nei syn broer Frits. Dy wennet yn de stêd. Mar hoe komt hy dêr en wêr wennet Frits no krekt?

Rinze op reis is in leuk en boartlik eboek foar beukers. It ferhaaltsje kin bygelyks troch in âlder foarlêzen wurde, mar kin ek ôfspile wurde. Ynklusyf 'oerstekspultsje'.

Leeftijd: 4+ | Taal: Fries

Rinze is gek op wetter

Rinze de Kikkert is fansels gek op wetter. Mar hjoed leit Rinze sels foar in kikkert wol hiel faak yn 'e plûmpert!

Rinze is gek op wetter is in leuk en boartlik eboek foar beukers fol mei ynteraktive eleminten. It ferhaaltsje kin bygelyks troch in âlder foarlêzen wurde, mar kin ek ôfspile wurde.

Leeftijd: 4+ | Taal: Fries

Rinze syn jierdei

Rinze fiert hjoed syn jierdei. Taart, kadootsjes en besite, sa'n feestje makket kikkerts bliid!

Rinze syn jierdei is in leuk en boartlik eboek foar beukers fol mei ynteraktive eleminten. It ferhaaltsje kin bygelyks troch in âlder foarlêzen wurde, mar kin ek ôfspile wurde.

Leeftijd: 4+ | Taal: Fries

Rinze's AaBee

It alfabet fan Rinze de Kikkert

Rinze's AaBee is in leuk en boartlik eboek foar beukers fol mei ynteraktive eleminten. It ferhaaltsje kin bygelyks troch in âlder foarlêzen wurde, mar kin ek ôfspile wurde.

Leeftijd: 4+ | Taal: Fries